Dôven wolle mear ûndertitels

20 des 2004 - 11:15

In grutte groep dôven en min hearrende minsken fan belangeferiening FCDS hat freed in besite brocht oan Omrop Fryslân. It FCDS wol dat Omrop Fryslân yn 'e takomst folle mear programma's ûndertitelet. Op dit stuit wurde it wykoersjoch en skoalle-tv ûndertitele.

It FCDS wol dat ek Hjoed en Baas boppe baas ûndertitele wurde. De organisaasje hat hjirfoar subsydzje oanfrege by de provinsje Fryslân. De provinsje hat tasein dat se yn 2005 reagearje sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)