Slager en Ilo ferlitte Cambuur

20 des 2004 - 00:00

Middenfjilder Jelmer Slager en oanfaller Miika Ilo geane nei de winterstop by Cambuur wei. De Ljouwerter fuotbalklup hat de kontrakten fan de spilers ûntbûn. Neffens Cambuur is der gjin perspektyf mear foar Slager en Ilo.

Beide fuotballers kamen it ôfrûne seizoen amper yn aksje. Wierskynlik giet Jelmer Slager werom nei de amateurs. Foar de Fin Ilo is it noch ûnwis oft er nei in oare klup giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)