Variëté a la carte slacht oan

© Omrop Fryslân
De belangstelling foar Variëté a la carte, de jubileumshow fan De Harmonie, is poerbêst. De measte kaartsjes binne al ferkocht. Foar de priis fan 75 euro krije de besikers in show mei Mini & Maxi en in diner. Der binne noch wol kaarten foar it balkon te keap. De show is spesjaal foar it Harmonie-jubileum makke troch regisseur Jos Thie.
Der wurde meiinoar acht foarstellings jûn fan Variëté a la carte, dêr't ferskate artysten oan meidogge.