Kramer tredde op 5.000 meter

19 des 2004 - 14:33

Sven Kramer waard sneon op de NK Allround yn Thialf knap tredde op de 5 kilometer. Kramer lei de 5.000 meter ôf yn 6.26'63". Hy hie hast 4 tellen mear nedich as winner Carl Verheijen, dy't 6.22'97" klokte. Gianni Romme waard twadde, Rintje Ritsma waard teloarstellend trettjinde yn 6.38'90".

Yn it klassemint stiet Kramer no ek tredde. Mark Tuitert stiet earste, Jochum Uytdehaage twadde, Carl Verheijen fjirde en Gianni Romme fyfde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)