Hortinsjes ek stellen yn Wierum

19 des 2004 - 14:19

Hortinsjedieven binne ek yn oare Fryske plakken as Damwâld aktyf. Ek út tunen yn Wierum en Feanwâlden binne de planten stellen. By in tal ynwenners fan Damwâld waarden yn de nacht fan moandei op tiisdei tsientallen hortinsjes út de tún stellen.

Dat barde dizze wike ek yn de Drintse doarpen Witteveen en Ruinen. De dieven snije de knoppen fan de hortinsjes ôf om dêr stekjes fan te kweken. De plysje advisearret minsken oanjefte te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)