Opknapbeurt grêften ôfsletten

18 des 2004 - 16:24

De grutte opknapbeurt fan alle grêften en kanaaltjes yn Ljouwert is freedtemiddei feestlik ôfsletten. En dat barde op it âlde rivierke de Potmarge. It miljoeneprojekt mei de namme Blauwe Diamant hie ûnder oare as doel om it wetter yn Ljouwert skjinner te krijen.

Boppedat moast it wetter tagonkliker wurde foar boatsjeminsken. Slútstik fan de hiele operaasje wie de ûntbleating fan twa keunstwurken yn de Potmarge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)