Alvestêden: 1500 leden minder

© Omrop Fryslân
Foar oare ferienings soe it in lytse ramp wêze, mar de alvestêdeferiening is der bliid mei. De feriening hat 1500 ridende leden ferlern. Dit as gefolch fan in pasfoto-aksje. Omdat it bestân oan foto's ferâldere wie frege de feriening alle leden om in nije foto.
1500 leden heakken ôf. Dat betsjut foar 1500 oaren de kâns om by de folgjende tocht mei te riden. Foarsitter Kroes makke dit freed bekend op de jiergearkomste yn it FEC.