Ofskie boargemaster Dijkstra
In boargemaster krijt fierstente folle macht as it prinsipe fan in keazen boargemaster aanst ynfierd wurdt. Dat sei boargemaster Ype Dijkstra freedtemiddei by syn offisjele ôfskie fan de gemeente Boarnsterhim.
Dijkstra waard freedtemiddei yn in ekstra riedsgearkomste yn Terherne útswaaid troch syn wethâlders en riedsleden. Dijkstra is fan jannewaris ôf boargemaster fan Zeewolde. Hy ferlit Boarnsterhim nei tolve jier.
Trefwurden:
argyf