Alvestêdekuiertocht útwreide

© Omrop Fryslân
De Alvestêdekuiertocht wurdt it kommend jier útwreide mei in ekstra kuier fan ien dei op freed 6 maaie troch it Bilt. Oanlieding is it 500-jierrich bestean fan it gebiet. De tocht einiget yn Dokkum en alle dielnimmers krije in spesjale werinneringsmedalje.
Der binne mear feroarings, want de Alvestêdekuiertocht is no lid wurden fan de Koninklijke Bond voor Lichamelijke Opvoeding. It lidmaatskip moat mear lanlike bekendheid opsmite.