'Underdaksintrum mislearre'

18 des 2004 - 12:48

It ûnderdaksintrum foar útprosedearre asylsikers yn Ljouwert is in grutte mislukking. Dat seit flechtlingewurk Fryslân. Yn it sintrum sitte no tritich minsken. Noch net ien is weromgien nei it lân fan herkomst.

Minister Verdonk fan Frjemdlingesaken hat sein dat se per 1 jannewaris gjin needopfang lykas yn Wytmarsum mear ha wol. Gemeenten dy't dêr oan meiwurkje, sille hurd oanpakt wurde. Yn Wytmarsum is men net fan doel om op te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)