Helikopters bliuwe oan de grûn

© Omrop Fryslân
De trije SAR-helikopters fan de fleanbasis Ljouwert fleane foarearst net. Tongersdei is by ien fan de trije in mankemint oan in motor ûntdutsen. Nei oerlis is besletten alle trije tastellen oan de grûn te hâlden. It is noch ûndúdlik hoe lang oft dit duorret.
It sikeferfier nei de Waadeilannen komt net yn gefaar. De luchtmacht sil tydlik in Cougar-helikopter yn Ljouwert stasjonearje. Dy hat deselde mooglikheden as de SAR.