Cambuur wint fan Haarlem

© Omrop Fryslân
Cambuur hat it jier ôfsluten mei in 1-0 oerwinning op Haarlem. Foar 3000 taskôgers droegen de Ljouwerters de sege op oan trener Dick de Boer, dy't fuortgiet. De oerwinning wie fertsjinne mar kaam pas yn de 85e minút ta stân.
Mitchell Piqué waard yn it penalty-gebiet ûnderút helle. Dominique van Dijk naam de strafskop. Cambuur oerwinteret mei 20 punten út 18 duels. De wedstriid tsjin Haarlem wie de earste yn de rige foar de 3e perioade.