Trener fan ACV nei Sweltsjes

© Omrop Fryslân
Trener Fred de Boer fan sneons haadklasser ACV út Assen wurdt it kommende seizoen de nije trener fan de Ljouwerter Sweltsjes. Hy folget Hans de Jong op. De Boer wie de lêste trije jier trener by ACV. Dêrfoar wie er aktyf by SC Hearrenfean, Bennekom, ODIN, ADO'20 en Be Quick 1887.
De Sweltsjes steane op dit stuit twa nei ûnderste yn 'e earste klasse E op sneon. De Boer is meiwurker sport by de Van Mesdagklinyk.