Poiesz op twa nei bêste

© Omrop Fryslân
Konsuminten fine de supermerken fan Poiesz de op twa nei bêste fan Neder- lân. Dy konklúzje lûkt ûndersyksburo GFK út syn healjierlikse enkête ûnder klanten fan supermerken yn Nederlân.
Ferline jier einige Poiesz op it fjirde plak, nei jierren by de earste twa stien te hawwen. De supermerken wurde beoardiele troch de eigen klanten. Dy tinke ûnder oaren om kreazens, farske produkten en freonlikens fan it personiel. De Jumbo is de bêste.