Eask tsjin Awa: 1,5 sel en tbs

17 des 2004 - 16:06

Foar de rjochtbank fan Ljouwert is tongersdei oardel jier sel en tbs easke tsjin de 17-jierrige Awa út Ljouwert. De eask is formulearre neffens it mearjierrigenstrafrjocht.

De 17-jierrige Awa wurdt derfan fertocht dat er augustus dit jier syn freondinne yn 'e brân stuts. It 16- jierrige famke rûn slimme brânwûnen op. De heit fan Awa fynt dat syn soan jeugddetinsje krije moat. De útspraak folget oer inkele wiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)