Gjin fergunning mokselfiskers

17 des 2004 - 13:51

It ministearje fan Lânbou hat in fergunning foar mokselfiskerij op it Waad terjochte wegere. De mokselfiskers hiene yn 2002 in oanfraach yntsjinne om op de Waadplaten fiskje te meien. De Raad van State hat no bepaald dat dy fergunning terjochte net ferliend is.

Om't der twa jier lyn wer genôch mokselsied wie, woene de fiskers dêr graach 20 miljoen kilo fan fiskje. Mei de arguminten fan de fiskers wie de Raad van State it net iens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)