Ynbrekker yn 'e kast

© Omrop Fryslân
In Snitser (53) hat tongersdeitejûn yn syn hûs in ynbrekker op 'e die betrape. De man ûntduts dat der ynbrutsen wie en even letter seach er yn in kast yn syn sliepkeamer in man sitten.
De bewenner belle fuortendaliks de plysje, dy't de ynbrekker, in Ljouwerter fan 34, meinaam nei it buro. De man hie de efterdoar fan de wenning iepenbrutsen en it hûs trochsocht. By fûllearring die bliken dat er sieraden, in gsm en in fotokamera stellen hie.