Advokaat Awa woe doarren ticht

© Omrop Fryslân
De advokaat fan 'e 17-jierrige Awa hat de rjochter tongersdei frege om de rjochtsaak tsjin syn kliïnt dochs efter sletten doarren te behanneljen. Awa stiet terjochte fanwege it yn 'e brân stekken fan syn freondinne (16).
De advokaat fan Awa fynt dat de jonge troch alle media-ontinken al genôch skânsearre is. Awa is yn 'e media as in monster ôfskildere, sa sei syn advokaat tongersdeitemoarn. De rjochter hat it fersyk fan 'e advokaat ôfwiisd.