Posysje Bijman dochs yn gefaar

16 des 2004 - 15:44

De posysje fan deputearre Bijman is noch hieltyd yn gefaar. Woansdei oerlibbe Bijman in moasje fan wantrouwen fan 'e opposysje. De partijen tinke dat de provinsje nea in beslút naam oer kompinsaasje foar boeren yn it tongblier-gebiet.

Bijman soe dyselde boeren tasizzings dien ha oer kompinsaasje. "As wat Bijman seit net kloppet dan hat de man in bestjoerlik probleem", seit Bert Versteeg fan 'e PvdA-steatefraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)