Advys: straf Awa as folwoeksene

16 des 2004 - 15:33

Awa (17) út Ljouwert moat as in folwoeksene straft wurde. Dat ha de Raad voor de Kinderbescherming en psychologen tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert sein. De psychyske problemen fan Awa binne sa grut, dat behanneling lang duorje sil.

As Awa as minderjierrige straft wurdt kin er op syn meast seis jier tbs krije. De saakkundigen fine dat te koart. Awa wurdt fertocht fan it yn brân stekken fan syn freondinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)