Untslaggen yn Fryske bouwrâld

© Omrop Fryslân
Krapoan tûzen Fryske boufakkers binne de lêste oardel jier har wurk kwyt rekke troch in prize-oarloch yn de bouwrâld. Fanwege it iepenbier oanbesteegjen fan oarders moatte boubedriuwen gauris ûnder de kostpriis wurkje.
Benammen yn de grûn, wei- en wetterbou falle grutte klappen. Troch de moardzjende konkurrinsje besparje oerheden lykas provinsjes en gemeenten no miljoenen op bouprojekten.