Feansters troch yn UEFA-toernoai

© Omrop Fryslân
It Europeesk avontuer fan SC Heerenveen krijt ek nei de winterstop in ferfolch. Woansdeitejûn fersloegen de Feansters it Belgyske Beveren mei 1-0. Yn de 26e minút makke Bruggink de iennige goal.
It is foar it earst yn de skiednis fan SC Heerenveen dat de klub safier komt yn it UEFA-toernoai. De seleksje oerwinteret yn Belek yn Turkije. Dêr wurde twa oefenwedstriden spile; tsjin de Bulgaarske kampioen Lokomotiv Plovdiv en tsjin it Turkse Fenerbahce.