Buro foar medyske kontrôle

16 des 2004 - 13:36

Nei in konsultaasjeburo foar pjutten en bern komt der ynkoarten ek ien foar folwoeksenen. Alle minsken fan 20 jier ôf kinne dêr terjochte foar in medyske kontrôle sûnder dat dy needsaaklik is.

It plan is fan it platfoarm previnsje. Dat is tongersdei offisjeel út ein set. It konsultaasjeburo moat de wurkdruk by húsdokters ferminderje. Doel is dat minsken fergees gebrûk meitsje kinne fan de foarsjenning. Takom jier start in earste proef yn de Súdwesthoeke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)