Hersi iepen foar transfer

© Omrop Fryslân
Youssouf Hersi fan sc Hearrenfean stiet iepen foar in transfer nei in oare klup. Dat seit hy dizze wike yn in ynterview mei it wykblêd Sportweek. De 22-jierrige middenfjilder kaam ôfrûne simmer oer fan NEC út Nijmegen. By Hearrenfean komt er lykwols oant no ta hast net oan spyljen ta.
Hersi hat noch in kontrakt oant 2007. Takom wike praat hy mei Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde oer syn situaasje.