Tadema wer earelid Sweltsjes

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan fuotbalferiening de Ljouwerter Sweltsjes hat it royemint fan earefoarsitter Meindert Tadema ynlutsen. Tadema waard ein oktober royeard, ûnder oaren om't er bestjoersleden tsjinwurkje soe.
It royemint fan Tadema soarge foar in soad opskuor binnen de klup. Wethâlder Krol en âld-KNVB-bestjoerslid Bouhuis ha as bemiddelers mei it bestjoer en Tadema om 'e tafel sitten. Besletten is om it royemint yn te lûken.