Yildirim kiest yn febrewaris

© Omrop Fryslân
Ugur Yildirim nimt yn febrewaris in beslút oft er foar Nederlân of foar Turkije útkomme wol. De rjochterspits fan SC Hearrenfean hat paspoarten fan beide lannen en beide nasjonale teams ha ynteresse yn him.
Yildirim hat ôfsein foar in trainingsstaazje fan de Turkse ploech yn jannewaris en sei earder al ôf foar in oefenynterlân. Nederlân en Turkije spylje beide begjin febrewaris in ynterlân.