Gjin twongen ûntslaggen Arriva

© Omrop Fryslân
De aksjes by Arriva binne woansdei en tongersdei fan 'e baan. De fakbûnen kamen tiisdei ta in akkoart mei de direksje. Der sille gjin twongen ûntslaggen folgje.
By Arriva moatte 70 banen ferdwine. De besunigings binne nedich om't der folle minder ryksjild komt foar it iepenbier ferfier yn it Noarden. De bûnen woene fan Arriva de garânsje dat der gjin twongen ûntslaggen falle soene. Foarige wike lei it busferfier al in dei stil.