Gedichten yn treinen Noordned

15 des 2004 - 10:44

Yn de treinen fan Noordned is twa wiken lang omtinken foar de dichtkeunst. De ferfierder hâldt mei stichting De Muze de manifestaasje Dichter op spoor. Yn de treinen hingje posters mei fersen.

Tongersdei 16 desimber wurdt op de stasjons yn Grins en Ljouwert in dichtbondel presintearre. Dêryn stiet wurk fan 50 dichters. De gedichten binne yn it Frysk, Nederlânsk of Grinzers. Ek binne der fersen yn it Dútsk, East-Frysk en Bildtsk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)