Lamont Randolph frijsprutsen

15 des 2004 - 10:28

Basketballer Lamont Randolph fan earedivyzjeklub Aris yn Ljouwert is tiisdei troch de rjochtbank yn Grins frijsprutsen fan berôving. It Iepenbier Ministearje yn Grins fertocht Randolph (37) derfan dat er yn oktober ferline jier in man berôve hie yn Grins.

De offisier fan justysje easke koartlyn 240 oeren wurkstraf en trije moannen finzenissrtaf ûnder betingst tsjin Randolph. De Amerikaan komt dit seizoen foar it earst út foar Aris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)