Ekonomy lûkt wer wat oan

14 des 2004 - 17:01

De Fryske ekonomy liket út it dal fan de resesje te klimmen. Der wie yn 2004 minder wurk en ek de omsetten wienen leger, toch ha mear bedriuwen winst makke. Dat docht bliken út in enkête fan de Keamer fan Keaphannel ûnder 2200 ûndernimmers.

Yn 14 prosint fan de Fryske bedriuwen is de wurkgelegenheid tanommen. Dat wie benammen yn de detailhannel. De measte banen gienen ferlern yn de bou, gruthannel en yndustry.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)