Partij hat noed oer túnkers

14 des 2004 - 12:01

De Steatefraksje fan de ChristenUnie/ SGP is benaud foar de takomst fan de glêstúnbou by Berltsum. De Raad voor het Landelijk Gebied, in advysorgaan fan it regear, fynt dat túnkers har konsintrearje moatte yn Súd-Hollân, West-Brabân, Seelân en Venlo. Berltsum moat ferdwine as foarkarslokaasje.

De partij wol fan Deputearre Steaten witte wat de gefolgen fan it advys binne. Ek moatte ûndernimmers sa gau mooglik dúdlikheid krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)