Harkema moat yn 2006 in MFC ha

© Omrop Fryslân
It Educatief Cultureel Centrum Harkema moat yn 2006 in feit wêze. Dat hat it kolleezje fan Achtkarspelen oanjûn. It doarp wachtet al jierren op de bou fan in multyfunksjoneel sintrum.
Yn it sintrum komme ynstellingen lykas basisskoalle It Holdersnêst en de biblioteek. Troch in breed oanbod fan soarch, ûnderwiis, opfang en bûtenskoalse aktiviteiten moat de jeugd fan De Harkema har better ûntwikkelje kinne, sa is it idee.