Drachten easket bettere farwei

14 des 2004 - 10:47

Boargemaster Van der Zaag wol dat de provinsje op 'e nij te set moat mei de ferbettering fan 'e farwei tusken Drachten en it Prinses Margrietkanaal. Drachten kin no net meidwaan oan it ferfier fan supermerkprodukten oer it wetter, omdat de farwei nei Drachten te smel en te ûndjip is.

De provinsje hat earder plannen foar in nij kanaal makke, mar seach dêr doe fan ôf. Van der Zaag hat no nije arguminten om de diskusje wer te iepenjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)