Sneon yndoar fierljeppen

© Omrop Fryslân
De Westerein hat sneon de primeur fan de earste yndoar fierljepwedstriid. De wedstriid wurdt organisearre troch de ljeppersferiening fan it Frysk Ljeppers Bûn yn it fierljepsintrum by de Westerein. De ljeppers sille mei in pols fan 8.5 meter oer 8.5 meter wetter springe.
Der komme 30 ljeppers en ljepsters yn aksje by dizze earste ljepwedstriid yn 'e hal. It yndoarrekord stiet op namme fan Henk Schievink mei 13.86m.