Beijers Naudé wint by FeRstival

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it gymnasium Beijers Naudé yn Ljouwert hawwe twa bekers wûn yn de finale fan FeRstival. Dat is de foardrachtswedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn de earste twa klassen gie de winst nei Annemieke Boschma en Amarins Dotinga fan it Beijers Naudé.
Yn de tredde klasse wûn Hindrik Broers fan it Singelland Lyceum yn Drachten.