Blêd oer plannen Frysk Museum

© Omrop Fryslân
In ynformaasjebulletin moat ynwenners fan Ljouwert op de hichte hâlde fan de nijbouplannen fan it Frysk Museum op it Saailân. It blêd hat de namme Grutsk en ferskynt twa kear yn it jier. It nije Frysk Museum wurdt boud op it Saailân. It museum en de rekonstruksje fan it Saailân kostet sa'n 80 miljoen euro.
Meiinoar binne der 15.000 eksimplaren fan it ynformaasjebulletin drukt. Se binne fergees te krijen by de baalje fan it museum.