Alkoholkontrôle by sportkantines

© Omrop Fryslân
De earste grutte alkoholkontrôle by sportkantines hat neffens de plysje in sukses west. Sân drankriders binne it ôfrûne wykein oanhâlden. Fjouwer fan har wiene yndied mei tefolle drank op achter it stjoer stapt.
Tweintich plysjeminsken wiene sneon ynset by de kontrôles yn Noardeast Fryslân. Dat foel op, sadat der om raak nei kantines belle waard om sporters en supporters te warskôgjen. De plysje sil de kommende wike ek noch kontrolearje.