Aris ferliest fan Capitals
De basketballers fan de Ljouwerter ploech Aris ha sneontejûn mei dúdlike sifers ferlern fan regearjend lânskampioen MPC Capitals út Grins. Yn in útferkochte sporthal Kealledykje stie der nei perioadestannen fan 11-19, 23-39 en 53-63 in einstân fan 66-80 op it skoareboerd.
De manlju fan coach Tom Simpson kamen der de hiele wedstriid net echt oan te pas. Aris stiet no op it fyfde plak yn de earedivyzje.
Trefwurden:
argyf