Brân yn skuorre Skarsterbrêge

12 des 2004 - 14:38

In skuorke efter in hûs oan de Hollandiastrjitte yn Skarsterbrêge is sneontemiddei hielendal ôfbaarnd. It fjoer is mooglik ûntstien troch wurksumheden fan de eigner.

Sawol de brânwachtkorpsen fan Sint Nyk as dy fan De Jouwer kamen yn aksje om de brân te dwêsten. Ek in hokje yn de tún fan de buorlju hat skea oprûn troch de brân. De plysje ûndersiket noch wat der krekt bard is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)