Redens-eksposysje yn Furdgum

© Omrop Fryslân
Yn de âldheidskeamer fan Furdgum is sneon in bysûndere redens-eksposysje iepene. It giet om in priveekolleksje fan Ed Braakman fan Drachten. De kolleksje bestiet út Hollânske en Fryske redens, mar ek binne der redens út Skandinavië en Amearika te sjen.
It is foar it earst en miskien ek wol foar it lêst dat de priveekolleksje toand wurdt. De âldste redens út de kolleksje, in pear bonkjes, komme út de izertiid.