Drachtster (26) mishannele

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige ynwenner fan Drachten is yn de nacht nei sneon slim mishannele troch twa manlju op de Drift yn syn wenplak. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De man waard sûnder oanlieding oanfallen.
Hy foel op de grûn. Dêr bleaune de twa oanfallers op him yntraapjen. Tsjûgen koene in goed sinjalemint jaan fan de dieders. Op grûn dêrfan hat de plysje letter op de Berglaan twa Drachtsters fan 16 en 26 jier oanhâlden.