Utslaggen haadklassefuotbal

11 des 2004 - 17:33

Haadklasser ONS Snits hat sneontemiddei mei 3-2 ferlern fan SC Genemuiden. Nei de doelpunten fan ONS Snits kaam der hieltyd mear druk fan de kant fan Genemuiden. Ek waarden in soad oertredings pleegd.

De oare Fryske haadklasser, Harkemase Boys, hat sneon yn sportpark De Bosk op De Harkema mei 2-2 gelykspile tsjin HHC út Hardenberg. De Boys spilen matich yn dizze wedstriid en mear as in gelykspul siet der dan ek net yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)