Foto's Den Oudsten bewarre

© Omrop Fryslân
De kolleksje negativen fan sjoernalist en fotograaf Bas den Oudsten binne yn besit kaam fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. By libben wurke Den Oudsten yn it noarden fan it lân foar ûnder oaren it Parool en it tydskrift De Spiegel.
Jierrenlang makke Den Oudsten foto's fan wat him mar foar de fuotten kaam, fan lyts oant grut nijs. Alle 7000 negativen binne no yn besit kaam fan it Histoarysk Sintrum.