Fakkeltocht foar frede

© Omrop Fryslân
In 200 minsken hawwe freed yn Wolvegea meidien oan in fakkeltocht foar de frede. De tocht mei de namme Lopend Vuur, waard organisearre troch Amnesty International.
Ferskate skoallen, tsjerken en ferienings diene ek mei oan it protest tsjin it geweld fan de lêste tiid. De tocht begûn by it treinstasjon yn Wolvegea en einige yn it gemeentehûs. Ynkoarten is der in iepen dei yn de moskee fan Wolvegea.