Aksjes Arriva geane troch

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva wol moandei fergees kranten útdiele oan syn klanten. De aksje fan it ferfiers- bedriuw is bedoeld as kompensaasje foar de staking fan tongersdei.
De fakbûnen hawwe foar takom wike nije aksjes oankundige. Takom wike woansdei en tongersdei kin fergees reizge wurde mei de bus. Dat kostet Arriva in soad jild. De fakbûnen wolle trochgean mei aksjes om't de staking fan tongersdei neat opsmiten hat.