MCL: al 400 hertoperaasjes

© Omrop Fryslân
Yn it nije hertsintrum yn it MCL-Súd yn Ljouwert ha sûnt it yn gebrûk nimmen al 400 iepen hertoperaasjes plak fûn. Freed wie de offisjele iepening fan it sintrum dat realisearre waard yn gearwurking mei it akademysk sikehûs yn Grins. It hat wol in skoft duorre ear't it hertsintrum der wie, want dêr is al mei al wol sa'n 20 jier oer praat.
Yn 'e jierren njoggentich stiene Friezen faak 8 oant 9 moanne op in wachtlist foar in hertoperaasje.