Mooglik pyromaan yn Bilgaard

11 des 2004 - 10:02

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is mooglik in pyromaan aktyf. Sûnt ein novimber is fjouwer kear besocht wenhûzen oan de Jokse en de Fennen yn brân te stekken. De wize fan wurkjen is hieltyd gelyk. Hy triuwt brânend guod troch de brievebus. It fjoer is alle kearen blust.

De plysje haldt foarearst rekken mei in frjemd tafal. De plysje hat in grut ûndersyk ynsteld en hâldt nachts ekstra tafersjoch yn de wyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)