Twa dagen fergees mei Arriva-bus

10 des 2004 - 17:13

Reizgers kinne nije wike woansdei en tongersdei fergees mei de bussen fan Arriva. De fakbûnen wolle mei de aksje it publyk yn 'e mjitte komme.

Neffens de fakbûnen moatte de aksjes by Arriva trochset wurde om't de staking fan tongersdei neat opsmiten hat. De fakbûnen wegerje akkoart te gean mei in besuniging fan goed sân miljoen euro. Dêrtroch soenen 62 minsken derút moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)