De Boer krijt ûnderwiis

© Omrop Fryslân
Wethâlder De Boer fan Opsterlân is de nije wethâlder fan ûnderwiis. It kolleezje fan B en W hat dat tongersdei besletten yn in ekstra gearkomste.
Wethâlder Duursma moast ûnder druk fan de ried syn ûnderwiisportefeuille opjaan. Hy kaam ûnder fjoer nei swiere krityk fan de ûnderwiisynspeksje op de stân fan saken yn it iepenbier ûnderwiis. Neffens boargemaster Heldoorn sil it ûnderwiis yn syn gemeente tefreden wêze mei De Boer.