Straffen easke tsjin Eye4Care

© Omrop Fryslân
Foar de rjochtbank binne tongersdei straffen easke tsjin de alternative klinyk Eye4Care yn Harns. De direkteur en de haadbehannelder krije elk in boete fan 3500 euro, twa moanne selstraf op betingst en in proeftiid fan trije jier. De klinyk yn Harns behannelet in soad kanker- en MS-pasjinten, mar dan sûnder medysk foech. De Ynspeksje foar de Sûnenssoarch hat 32 behannelmetoades ôfkard.